Boerebrulloft

Foto Gregor

The Friesian Horse

Der wie immen op de boerebrulloft dy't in soad foto's makke.
Doe't wy yn de kunde kamen die bliken dat it Dalibor Gregor wie.
In Tsechyske beropsfotograaf dy't him spesjaal talein hat op it fotografearjen fan hynders.
Doel fan al dy foto's wie om der in moai boek fan te meitsjen oer frykske hynders.

Yn maaie is it boek presentearre yn Munchen. En wier it is in prachtich boek wurden.
Net allinne wiidweidich omtinken foar de boerebrulloft.
Ek it konkoers yn Norg kriget rom oandacht.
It binne sawat allegearre foto's fan fryske hynders. Net allinne makke yn Fryslân mar ek yn oare lannen.
Der't wy de Friezen allinne mar kinne fan ús eigen gebrûken en kultuer sa as belslydzjen, ringriden draven ensfh, binne yn it boek ek minsken mei hiel oare klean dy't de friezen yn harren kultuer drage.

In prachtich boek.
Nijsgjirrich?
Sjoch op de side fan Dalibor Gregor .

Mar fia de mail kinne jimme ek wol kontakt mei Tsjepke van der Honing sykje,

<<<